Tuinstra tred yn Sankt Johann

Johnny Tuinstra
Johnny Tuinstra is sneon op in ynternasjonale iisspeedwaywedstriid yn it Eastenrykske Sankt Johann tredde wurden. Nei trije earste en twa twadde plakken yn de foarsearjes pleatste de ynwenner fan Tsjummearum him foar de A-finale.
Earste waard de Eastenriker Franz Zorn en twad Antti Aakko fan Finlân. Sa'n 3000 taskôgers stiene oan de kant by dizze wedstriid.