Fryske suksessen op NK atletyk

© Omrop Fryslân
Atlete Margriet van Kammen fan it Drachtster Impala is sneon noardlik kampioen heechspringen wurden. Yn de Grinzer Martiniplaza helle se mei 1,75 in nij persoanlik rekord. Nikky May Woudstra fan Wolvegea helle deselde hichte, mar hie hjirby in ekstra sprong nedich.
Sukses wie der ek foar Wieger Jan de Wit by it kûgelstjitten. Syn 15,10 meter wie de winnende ôfstân. By it fierspringen waard Annelies Fortuin noardlik kampioen mei 5,58 meter.