Twa plysjes oanfallen

18 jan 2009 - 14:59

Yn Easterwâlde binne yn de nacht nei snein twa plysjes oanfallen. Se besochten immen dy't betrape wie op wyldpisjen in bon te jaan, mar waarden hindere troch in man (30) út Easterwâlde. De man luts en treau de plysjeman. Uteinlik krige er in klap omdat er net loslitte woe en is dêrfoar nei it sikehûs brocht.

Fuortdaliks nei it útdielen fan de klap pakte in man (34) út Easterwâlde in plysje fan achteren by de kiel. Hy koe letter oanholden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)