Ek musical fan Alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Nei it maratontoanielstik fan Tryater komt der ek in musicalútfiering fan de Alvestêdetocht. Selskip Les Rigolaux fan De Jouwer hat in kultuerhistoarysk muzykstik skreaun. Ein febrewaris giet de musical yn premjêre. Dêrnei wurdt it op 7 plakken yn de provinsje spile.
Yn de musical 'It sil heve' reizget it koar fan Les Rigolaux de alve stêden by del. Yn it komitee fan oanbefelling foar it stik sitte musicalstjer Pia Douwes en âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening Henk Kroes.