Quilt fermakke ta dreamtekkens

18 jan 2009 - 12:21
  • Dizze quilt is fermakke ta dreamtekkens

De megaquilt dy't trije dagen oan de Aldehou hongen hat, is fermakke ta njoggentich lytse dreamtekkens foar lytse bern. Dat wie ôfsprutsen mei de stifting 'Regenboogboom', dy't him dwaande hâldt mei dizze pasjintsjes.

Doel is om de kwaliteit fan it libben fan de siken te ferbetterjen. Dêrom wiene sneon tritich oant fyftich froulju oan it skuorren en naaien yn it stedskantoar yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)