Ungelok op It Hearrenfean

In ravaazje nei it ûngelok (foto: Alex Zwart)
Op de Fok op It Hearrenfean binne sneontejûn twa minsken ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Dat wie op de krusing mei de Thialfwei. In man fan It Hearrenfean seach in auto fan rjochts oer de holle en in botsing wie it gefolch.
Ien fan beide auto's kaam op de ferkearde kant fan de dyk en doe botste der noch wer in tredde auto boppe-op. In frou kaam fêst te sitten en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.