Wim Stroetinga 2e Austraalje

Wim Stroetinga
Wim Stroetinga is snein by syn profdebút twadde wurden yn de Cancer Council Classic, de opwaarmer foar de Tour Down Under, oan de oare kant fan de wrâld. De hurdfytser fan Aldeberkeap moast yn de massasprint allinne Robbie McEwen foargean litte. Graeme Brown waard tredde.
Lâns it 1700 meter lange parkoers yn Adelaide stiene mar leafst 75.000 taskôgers. Tiisdei begjint de Tour Down Under, in etappekoers dy't duorret oant en mei snein 25 jannewaris.