Tredde druk 'Kâlde Krústocht'

18 jan 2009 - 10:24

Fan it boek 'de kâlde krústocht' fan Hylke Speerstra binne al mear as 10.000 eksimplaren ferkocht. Dat seit de útjouwer Bornmeer. It boek, mei ferhalen oer de Alvestêdetocht, is freed offisjeel yn de hannel brocht.

Sawat 6500 boeken binne ferkocht oan leden fan de 100-jierrige feriening de Friesche Elf Steden. Dy koene in spesjale ferzjy fan it boek keapje mei de namme en it lidnûmer. Mar ek yn de hannel rint it boek goed. Der komt no in tredde edysje fan it boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)