Flyers winne fan Tilburch

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Hajé Flyers binne dwaande mei in nuver seizoen. Nei fiif ferliespartijen op rige, waard sneontejûn op it eigen iis mei 6-0 wûn fan de nûmer twa yn de kompetysje de Destil Trappers Tilburch. De perioadestannen: 3-0, 1-0 en 2-0. Foar de Flyers wie it de earste oerwinning yn 2009.
De Feanster iishockeyers ha no 17 punten út 13 wedstriden en stean dêrmei op it sechsde plak.