Douwe de Vries wint Amsterdam

17 jan 2009 - 20:58

Douwe de Vries helle sneontejûn in prachtige oerwinning yn de 12e wedstriid om de Essent Cup. Op de Jaap Eden baan yn Amsterdam sprong de maratonreedrider fan It Hearrenfean acht rûntsjes foar de ein by de oare sân koprinners wei en nei de einstreek seagen se inoar wer. Yoeri Lissenberg waard twadde, Karlo Timmerman tredde.

Bob de Vries fan De Haule waard sechde en fergrutte, mei noch de finale te gean, syn foarsprong yn it klassemint op Cedric Michaud oant 38 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)