Protest tsjin Het Poortje

17 jan 2009 - 16:02
  • protest tsjin komst Het Poortje

Op It Hearrenfean is sneon protesteard tsjin de komst fan jeugdfinzenis Het Poortje. De 150 demonstranten by it gemeentehûs hiene spandoeken en swarte ballonnen meinaam. De groep woe dúdlik meitsje dat de riedsleden gjin arguminten ha fóár in jeugdfinzenis.

Tongersdei nimt de gemeenteried in beslút oer de lokaasje foar de gefangenis. De aksjegroep Heerenveen Noord hopet dat tsjinstanners dan manmachtich by de gearkomste wêze sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)