IIsbaan Ljouwert grut súkses

de iisbaan luts in soad besikers
De iisbaan yn Ljouwert hat dizze winter folle mear minsken lutsen as ferwachte. Der ha in lytse 20.000 beteljende besikers west. Op de baan fan 1100 kante meter koene minsken op iishockeyredens ride. Dit wykein is de baan foar de lêste kear iepen. Fral jongeren en bûtenlânske studinten kamen nei de iisbaan.
De organisaasje hat finansjeel hast lyk draaid. Doel is om takom jier op itselde plak by de Aldehou wer in iisbaan te meitsjen, mar dan grutter.