Radio Desperado wer yn de loft

De piratestjoerder wie wer eefkes yn de loft
Piratestjoerder Radio_Desperado wie sneon foar ien dei wer te hearren yn Noardeast-Fryslân. De stjoerder is yn 1994 al út de loft helle en wie hiel populêr yn de tachtiger en njoggentiger jierren. Alles moast doe yn it geheim gebeure, want de boetes fan de radiokontrôletsjinst wiene, en binne noch altyd, heech.
It foldocht de âldere jongeren goed om wer achter it mingpaniel te stean.