De Kuilart is 'Superplatz'

De Kuilart is in 'Superplatz'
Kamping De_Kuilart yn Koudum hat op 'e nij it predikaat 'Superplatz' krigen fan de ADAC, de Dútske ANWB. It predikaat, dat in jier lang fierd wurde mei, moat neffens de organisaasje sjoen wurde as in soarte fan Michelin-stjer foar de rekreaasje.
Yn Nederlân binne alve kampings dy't de titel 'Superplatz' krigen hawwe. Yn Fryslân is De Kuilart de iennichste kamping mei dit predikaat.