Hearrenfean wint fan Feyenoord

16 jan 2009 - 22:46

SC Hearrenfean hat mei 3-1 wûn fan Feyenoord, dat dizze wike trainer Gertjan Verbeek dien joech. Al fluch yn de wedstriid kopte Kristian Bak Nielsen de 1-0 tsjin de touwen.

Sân minuten foar it skoft skoarde Roy Makaay de lykmakker, mar noch foar it skoft kaam Hearrenfean wer op foarsprong. Danijel Pranjic skeat de 2-1 binnen. Nei it skoft wie Feyenoord ticht by de lykmakker, mar fia ynfaller Arnór Smárason besliste Hearrenfean de wedstriid: 3-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)