Oerol: gras tussen de planken

16 jan 2009 - 19:36

'Het gras tussen de planken'. Dat is it tema fan it Oerolfestival 2009. Dat hat artistyk lieder Joop Mulder befestige. Hy wol fierder neat kwyt oer de ynhâld fan it festival.

Oerol wurdt fan 12 oant en mei 21 juny holden op Skylge. It is it grutste teaterfestival fan Nederlân. Foar dit jier wurde yn elts gefal keunstskilders socht dy't skilderijen meitsje kinne foar in projekt op it mêd fan lânskipsteater.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)