Harns pakt foutparkearders oan

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns treedt de kommende tiid hurder op tsjin minsken dy't ferkeard parkeare yn de Voorstraat en op de Grote Bredeplaats yn Harns. Op de Voorstraat stean krusen op de strjitte dêr't minsken tusken parkeare moatte, op de Grote Bredeplaats giet it om linen.
Op beide plakken geane parkearders lykwols geregeld yn de fout. De gemeente dielt nije wike noch warskôgings oan har út, dêrnei krije se in boete fan 60 euro de kear.