Eurlings iepenet Surch-Harns

As twabaans dyk wie dit stik tige gefaarlik
Ferkearsminister Eurlings iepenet op 9 febrewaris it ferdûbele stik N31 tusken Surch en Harns. Nei dy ferdûbeling bliuwt noch in stik fan trije kilometer oer, dat oanpakt wurde moat.
Sa soe de Keningsbrêge yn Harns ferfongen wurde moatte troch in akwadukt. De totale kosten fan dy plannen komme op goed 160 miljoen euro. Oer ien of twa moanne komt mear dúdlikheid oer dy plannen.