Twa himpkwekerijen oprôle

16 jan 2009 - 10:06

De plysje hat tongersdei twa himpkwekerijen oprôle. Tongersdeitemoarn ûntduts de plysje nei oanlieding fan in tip in kwekerij op bedriuweterrein De Wissel yn Sint Anne. Dêr stiene yn in fierder leech gebou goed fiifhûndert planten.

Yn Ferwert gie de plysje, ek nei in tip, nei in hûs oan de Havenstrjitte. Dêr waard in kwekerij fûn mei hast twahûndert planten. De plysje ûndersiket de saak noch. Apparatuer en planten binne ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)