Jild foar ROC Friese Poort

© Omrop Fryslân
ROC De Friese Poort yn Drachten krijt 250.000 euro subsydzje om in ûnderwiislearbedriuw technyk op te setten. Dat bart yn gearwurking mei in oantal bedriuwen en organisaasjes lykas de Grontmij. It projekt is ek bedoeld om de technyske fakken te promoaten. It nije learbedriuw nimt aanst wurk oan fan bedriuwen.
Op dizze wize krije mear as 400 learlingen jierliks de kâns om in hiel produksjeproses troch te rinnen.