Alvestêden tenei keninklik

De feriening 'De Friesche Elf Steden' is tenei keninklik. Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma makke dat tongersdei bekend makke op de spesjale jubileumjûn yn de Harmonie yn Ljouwert. 'De Friesche Elf Steden' bestiet dit jier 100 jier. Foar de keninginne wie dat oanlieding om de feriening op dizze wize yn it sintsje te setten.
De offisjele namme fan de feriening sil no wêze: Koninklijke vereniging 'De Friesche Elf Steden'.