Plysje siket famke

15 jan 2009 - 20:23

In famke fan 15 út Leusden wurdt sûnt ôfrûne tiisdei fermist. It giet om Dorien Deodatus. Se is yn Amersfoart op 'e trein stapt en de kâns bestiet dat se nei Ljouwert gien is. Sûnt is neat mear fan har fernaam. De plysje hopet dat tsjûgen har sjoen ha.

Deodatus hat fan harsels lang ljocht hier, mar de kapper hat it op de dei dat se ferdwûn read ferve. Se is 1 meter 75 en hat in normaal postuer. Se hie in blokte koarte jas oan en in blauwe spikerbroek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)