Direkteur moat jild sykje

15 jan 2009 - 20:15

De nije direkteur fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken moat sa gau mooglik op syk nei jild. Dat stiet te lêzen yn de fakatuere dy't de stifting nei bûten brocht hat. De stifing ferwachtet yn de kommende jieren in soad nije tsjerken der by te krijen, mar hat derfoar wol ekstra finansjele romte nedich.

In grut part fan dy tsjerken sil in opknapbeurt krije moatte. It wurdt de taak fan de direkteur om dêr it jild foar binnen te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)