Alvestêdekuier yn febrewaris

15 jan 2009 - 19:57

Littenseradiel en Boarnsterhim komme yn febrewaris mei in spesjale âlvestêdekuier. De gemeenten dogge dit yn it ramt fan it 100-jierich jubileum fan de âlvestêdetocht. De feriening De Friesche Elfsteden wol dat it it hiele jier feest is en hat alle gemeenten oan de rûte frêge wat te organisearjen. De kuier op 15 febrewaris wurdt folge troch in grut muzykfeest letter yn dy moanne yn Snits. Dêrnei sille de folgjende gemeenten op de rûte it stokje oernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)