Elm mooglik tsjin Feyenoord

15 jan 2009 - 16:43
  • Victor Elm yn de basis ferwachte

De nije oanwinst fan Sportklub Hearrenfean Viktor_Elm begjint nei alle gedachten yn de basis tsjin Feyenoord. Dat liet trainer Trond Sollied tongersdei witte. Hy nimt dan it plak yn fan Christian Grindheim dy't skorst is.

De oare oanwinst, Patrick Ingelsten, is noch net fit genôch. Sollied lit him mooglik yn de bekerwedstriid debutearje. Brian Vandenbussche begjint sa't it no liket yn de goal en nije keeper Hans Vonk sit op de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)