Wer part Marreprojekt klear

15 jan 2009 - 14:17

Mei it baggerjen fan de Warkumer Trekfeart en it Jan Broerskanaal is wer in part fan it Fryske Marreprojekt klear. Beide stikken binne útdjippe en útbaggere nei sa'n twa meter djipte sadat de wettersport der de kommende simmer wer optimaal gebrûk fan meitsje kin.

In part fan de baggerspeesje is brûkt foar de oanlis fan in wâlkant fan de Fluezen. Mei-elkoar is der de lêste jierren 145 kilometer feart yn de Súdwesthoeke útbaggere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)