Kanadees op proef by Cambuur

15 jan 2009 - 13:50
  • Keegan Ayre

De Kanadees Keegan Ayre is op proef by SC Cambuur. Ayre is 20 jier en spilet benammen op de nûmer 10 posysje. Yn 2006 waard hy útroppen ta de bêste jeugdspiler fan Kanada. By de wedstriid fan freedtejûn tsjin Haarlem stiet Ale de Boer yn de basis. Troch de blessuere fan Randy Rustenberg begjint hy op de linksback. Nei alle gedachten begjint ek de nije oanwinst Pieter Collen yn de basis. Hy spilet dan yn stee fan Koen Brack. Mark de Vries is noch blessearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)