Folle minder huzen ferkocht

15 jan 2009 - 12:35

De ferkeap fan huzen yn Fryslân is yn it lêste fearnsjier fan 2008 flink ûnderútgien. De prizen binne yn súd Fryslân mei sa'n 2,5% sakke en yn it noarden fan de provinsje mei wol 5%. Oer de hiele provinsje binne sa'n 25% minder huzen ferkocht as yn deselde perioade fan 2007.

Minsken binne hoedener en wolle leafst earst har eigen hús ferkeapje. Ek de banken binne foarsichtiger mei it jaan fan hypoteken. De grutste klappen falle yn de ferkeap fan nijbouhuzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)