Meiwurkers Caparis op fitness

De 700 meiwurkers van Caparis yn Drachten krije aanst oardel oere wyks in sûnensprogramma mei fitness, mar ek algemiene hygiëne en medisyngebrûk krije omtinken. It programma is in proef foar twa jier en wurdt útfierd troch Sportstêd Hearrenfean. Dy bout in tydlike sportakkommodaasje fan 600 m2 by Caparis.
De gemeente Smellingerlân fynt it sa wichtich dat it foar de proef twa ton beskikber stelt.