Soargen oer genetyske jirpels

Boer Van Zenderen op syn lân
De komst fan in fjild mei genetysk modifisearre jirpels yn Dongeradiel liket net te kearen. FNP-Dongeradiel hie fragen steld oer de melding fan it ministearje fan VROM oer de komst fan dit jirpelfjild. In biologyske boer út Jouswier spruts woansdei yn de riedskommisje yn by dit punt.
De boer is tsjin de komst fan sa'n jirpelfjild, omdat dêr de besmetlike jirpelsykte phytophtora frijlitten wurde sil. Dat soe in bedriging foar de biologyske bedriuwsfiering wêze.