Waanders útswaaid yn Ljouwert

Kadoos en moaie wurden by it ôfskied fan Marga Waanders
In soad minsken dy't fûstkje woene en moaie wurden op de ôfskiedsresepsje foar wethâlder Marga Waanders fan Ljouwert. Sy naam woansdei ôfskied fan Ljouwert nei acht jier wethâlderskip en ek nochris tsien jier wurk foar de gemeenteried.
Takom wike begjint sy as boargemaster fan Dongeradiel. Neffens kollega Gerrit Krol hat Waanders in soad spoaren achterlitten yn Ljouwert. Hy neamde de kenniscampus foar de trije hege skoallen en de rêding fan Cambuur.