Gjin ekstra regels droegerijen

14 jan 2009 - 21:50

De noardlike provinsjes komme net mei strangere regels foar gersdroegerijen. It ministearje fan Miljeu en miljeu-organisaasjes wolle dy strangere regels omdat gersdroegerijen in soad skealike fynstof útstjitte.

Gersdroegerijen moatte flink ynfesteare om de útstjit fan fynstof te beheinen. Neffens de provinsjes hawwe de noardlike gersdroegerijen dêr gjin jild foar. De provinsjes lizze de oanbefellings foar strangere regels dan ek neist har del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)