Gertjan Verbeek ûntslein

14 jan 2009 - 20:10
  • Gertjan Verbeek (foto Martin de Jong)

Feyenoord hat trainer Gertjan Verbeek út Jobbegea dien jûn. Oarsaak is neffens de direksje de drege relaasje mei de spilersgroep en de ôffallende resultaten. Verbeek wie dwaande mei syn earste seizoen by de Rotterdamse club. Hy hie in kontrakt oant heal 2011.

Feyenoord moat ek op syk nei in nije technysk direkteur en assistint-trainer. Direkteur Bosz en assistint Jansen ha har solidêr ferklearre mei de ûntsleine Verbeek en binne opstapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)