Hynstesportpriis útrikt

14 jan 2009 - 18:52

Deputearre Schokker hat op it provinsjehûs De Guds útrikt. Dat is de provinsjale hynstesportpriis. De priis gie nei Hielke van der Gaast út Warkum. Hy krige de priis fanwege syn jierrenlange ynset foar de hynstesport yn benammen it súdwesten fan Fryslân.

Van der Gaast wie ûnder oare ien fan de oprjochters fan de maneezje yn Koudum. Ek siet er jierrenlang yn it bestjoer fan it Concours Hippique yn Riis. De Guds wurdt útrikt sûnt 2003.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)