Tresoar:800 11stêdetochtfoto's

14 jan 2009 - 16:33

Goed 800 foto's fan 'e Alvestêdetocht binne fan tongersdei ôf te besjen op de webside fan Tresoar. De foto's komme út it argyf fan de alvestêdeferiening. Dat is yn 2000 oerdroegen oan it Ryksargyf, ien fan de foarrinners fan Tresoar.

Minsken dy't de foto's besjogge, kinne der sels ynformaasje by sette. Tresoar wol sa in folsleiner byld fan de tochten krije. De foto's binne fan tongersdei ôf te besjen fanwege it hûndertjierrich bestean fan 'e tocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)