'Wurk Nuon bliuwt yn Ljouwert'

14 jan 2009 - 15:07

De provinsje wol perfoarst net dat in mooglike ferkeap fan Nuon oan in bûtenlânske partij ta gefolch hat dat it wurk by it bedriuw yn Ljouwert ferdwynt. Dat seit deputearre Galema.

Yn Ljouwert wurkje 400 minsken by Nuon, fral op it kall-senter. De enerzjyleveransier is op dit stuit yn petear mei trije bûtenlânske bedriuwen oer de ferkeap fan op syn minst 40 % fan 'e oandielen. Fryslân is foar 12 % oandielhâlder by Nuon en soe miljoenen oan de ferkeap fertsjinje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)