Hamming makket nijsfoto 2008

De winnende foto fan Maurice Hamming
Fotograaf Maurice Hamming út Drachten hat yn de kategory Binnenland de winnende foto makke by de wedstriid Nijsfoto fan it jier 2008. Dat is woansdei yn Rotterdam bekendmakke.
Hamming makke begjin ferline jier in foto fan in famke yn Drachten, dat fêst kaam te sitten yn driuwsân. De sjuery fan de nijsfoto fan it jier wurdt foarme troch jongeren. Ek by de wedstriid fan de NOS foar reedrydfoto's is de priis nei in Fries gien. Dêr wûn Mat Leffertstra út Wyns.