Steinkamp Watersport fallyt

14 jan 2009 - 14:42

Op De Lemmer komme seis minsken sûnder wurk te sitten troch it faillisemint fan Steinkamp Watersport. It bedriuw die it transport fan djoere jachten nei wettersportbeurzen, lykas yn Düsseldorf en Ljouwert. Neffens de kurator is it bedriuw yn need kaam troch de kredytkrisis.

It duorre te lang foardat de rekkens betelle waarden. De eigner wie dwaande om in oplossing te finen, mar de bank hat it kredyt opsein. De skuld is neffens de kurator mar in pear ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)