'Verbeek ferlit Feyenoord'

Verbeek as haadtrener fan SC Hearrenfean
Gertjan Verbeek is fuort by Feyenoord. Dat meldt it Algemien Deiblêd. Hoe en wat krekt is noch net dúdlik. Verbeek (46) wie dwaande mei syn earste seizoen by de Rotterdamske club. Mei Feyenoord soe hy freedtejûn nei It Hearrenfean reizgje foar de útwedstriid tsjin syn âlde club.
De spilers fan de Rotterdamske club wurde woansdeitemiddei ynljochte. Neffens it AD soe in grut part fan de seleksje gjin betrouwen mear hawwe yn de wurkwize fan de Jobbegeaster trener.