Gouden liuw Van Meegdenburg

14 jan 2009 - 11:24

Foarsitter Gert van Meegdenburg fan Stichting Sinteklaasyntocht Ljouwert hat tiisdei in Gouden Liuwke krigen út hannen fan loko-boargemaster Krol fan Ljouwert. Van Meegdenburg krige de priis foar syn ynset foar de stichting. Van Meegdenburg hat 20 jier lid west, wêrfan 15 jier foarsitter.

Hy hat der syn libbenswurk fan makke om de yntocht troch it bedriuwslibben sponsorje te litten. Van Meegdenburg is grutsk dat Omrop Fryslân de yntocht fan Ljouwert dit jier op tv útstjoert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)