Grien ljocht gasboarrings Ie

© Omrop Fryslân
Der mei nei gas socht wurde yn Ie yn Dongeradiel. De Raad van State hat de Nederlandse Aardolie Maatschappij, de NAM, tastimming jûn foar it delsetten fan in mobile boarynstallaasje.
Tsjin it pleatsen wie beswier makke troch omwenjenden. Sy wiene benaud foar lûdsoerlêst. De gemeenteried fan Dongeradiel moat noch wol akkoart gean mei de plannen. De proefboarrings yn Ie sille inkelde moannen duorje, sa seit de NAM.