VVD: lis Suderseespoar wol oan

Van Baalen: Suderseespoar wol oanlizze
It kabinet moat weromkomme op it beslút om de oanlis fan it Suderseespoar te skrassen. Dat seit Twadde Keamerlid Hans van Baalen fan de VVD. It kabinet helle ferline jier in streek troch de plannen.
It jild dat derfoar reserveard wie wurdt no yn oare projekten stutsen. Dat hoecht neffens Van Baalen gjin probleem te wêzen. Der wie genôch jild om de banken troch de krisis te helpen. Jild foar in spoarline nei Grins moat ek te finen wêze, tinkt er.