Kazematten: wat minder folk

© Omrop Fryslân
It Kazemattenmuseum op Koarnwertersân hat yn 2008 mei in lytse 13.000 besikers krekt wat minder minsken lutsen as yn 2007. Oarsaken binne neffens it museum dat yn 2007 profitearre is fan de fiering '75 jier Ofslútdyk' en yn 2008 wiene de waarsomstannichheden foar in bûtenmuseum ek net sa goed.
It edukaasjepakket foar skoallen wie wol in súkses. It museum is ek al oan de gong mei de tariedings fan it 25-jierrich jubileum yn 2010.