Drachten:eksekúsjeaksje plysje

14 jan 2009 - 09:59

De plysje Fryslân hat earder dizze wike yn Drachten en yn it noardeasten fan Fryslân in eksekúsje-aksje hâlden. By sa'n aksje siket de plysje minsken op dy't noch in selstraf útsitte moatte of dy't noch in boete betelje moatte.

De plysje hâlde by de aksje ien persoan oan dy't noch tweintich dagen de sel yn moast. Fierder waard foar mear as 1850 euro oan boetes ynbard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)