Reekskea by brân Aldeberkeap

© Omrop Fryslân
By in brân yn in hûs oan de Oosterwoldseweg yn Aldeberkeap is reekskea ûntstien. In buertbewenner seach dat de wenkeamer fan it hûs fol reek stie en warskôge in lid fan de frijwillige brânwacht, dy't yn deselde strjitte wennet.
De brânwachtman rôp de help fan syn kollega's yn, dêrnei wie it fjoer gau ûnder kontrôle. De brân is nei alle gedachten ûntstien yn de skoarstien. De bewenners wiene net thús.