Jacobi wol nij ûndersyk JSF

14 jan 2009 - 07:48

Der moat in nij ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de lûdseffekten fan de JSF, de Joint Strike Fighter. Dat seit twadde keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA. Se hat twifels oer de ûnôfhinklikheid fan it Nasjonaal Lucht-en Ruimtevaart laboratorium, dat hast klear is mei itselde ûndersyk.

Tiisdei sei steatssikretaris Jack de Vries fan Definsje dat de mooglike komst fan de JSF gjin skealike gefolgen hawwe sil foar de omjouwing fan de basis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)