FNV: mear wurktiidferkoarting

14 jan 2009 - 07:12

Meardere Fryske bedriuwen kinne dit jier foardiel hawwe by it oanfreegjen fan wurktiidferkoarting. Mar dan moat it Ryk wol de perioade ferlinge weryn bedriuwen finansjeel temjitte kommen wurde at se de wurktiidferkoarting oanfreegje wolle. Dat sei foarsitter Henk van der Kolk fan fakbûn FNV Bondgenoten tiisdei op de Fryske nijjiersresepsje fan it fakbûn yn Ljouwert.

Juster waard wurktiidferkoarting oanfrege by Ciba op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)