Jongerenwurk hat jild nedich

© Omrop Fryslân
De jongerenwurkers fan Ljouwert komme net genôch ta oan de 'gewoane' jongeren. Buurtaktiviteiten en kontakt mei skoalbern hat te lijen fan de ynspanningen dy't nedich binne om swierrichheden mei probleemjongeren op te lossen.
Dat fynt in kommisje dy't it jongerenwurk yn Ljouwert ûndersocht hat. It nivo is goed. Omdat der struktureel net genôch jild beskikber is, bestiet it jongerenwurk te faak út ynsidintele projekten.