Mear fakânsje yn eigen lân

13 jan 2009 - 22:46

Fryslân is de earste provinsje dy't oan bar komt yn in lanlike promoasjekampagne fan de toeristyske sektor om mear Nederlanners yn eigen lân fakânsje fiere te litten.

De kampagne is in inisjatyf fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme, VVV Nederland, de Keninklike Hoareka Nederlân en de Recron. Der lizze grutte kânsen yn Fryslân, no't in soad minsken yn ferbân mei de kredytkrisis net fier fuort wolle op fakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)