Rûnwei Wommels: gjin oplossing

13 jan 2009 - 19:43

Wommels krijt nei alle gedachten dochs gjin nije eastelike rûnwei. Undersyk hat útwiisd dat dy dyk de ferkearsoerlêst kwalik ferhelpe sil. Undersikers sizze dat it tal auto's dat troch de buorren komt net ôfnimme sil.

De provinsje en Natuurmonumenten hiene twifels by de needsaak fan de dyk en fregen om neier ûndersyk. Foar it measte trochgeande ferkear, rjochting Boalsert, is de nije dyk net flugger. De gemeente siket no in alternatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)